Praat, pis en polityk by de leagenbank yn Makkum
Praat, pis en polityk by de leagenbank yn Makkum
Yn Makkum stiet in lyts praathokje: bekend as de leagenbank en dêr komt alle dagen in groepke manlju byinoar. Se prate oer polityk, it nijs en wat der fierder yn 'e wrâld bart.
Eartiids mochten se hjir net komme, want doe sieten de âlde manlju der. Mar no binne se dy generaasje sels wurden.
It hokje hat syn eigen sjarme, al rûkt it der net altyd like fris. Der hinget wolris wat in lichte pislucht omhinne. Dochs bliuwt it in plak dêr't se graach efkes delkomme, om te praten en gesellich te sitten.