Pieter Omtzigt: "Pas de stikstofkaart aan voor de Waddeneilanden"

Pieter Omtzigt by it stikstofdebat © ANP Foto
De stikstofkaart foar minister Van der Wal moat foar de Waadeilannen sa gau as mooglik oanpast wurde. Twadde Keamerlid Pieter Omtzigt easke dat tongersdei by it Keamerdebat oer stikstof.
"Er komt geen stikstofuitstoot uit zee, zegt de wetenschap. De Waddeneilanden moeten gewoon een andere kleur krijgen; geen 90 procent reductie, maar 10 procent. Geef in ieder geval dat deel van Nederland rust", seit Omtzigt.
Verslaggever Onno Falkena was bij het debat in Den Haag
Neffens Omtzigt jout it foarbyld fan de Waadeilannen oan dat der reden is om kritysk te sjen nei it hiele model en de rekkenmetoade dy't dêrfoar brûkt is. Nei publikaasje fan de stikstofkaart wie der op de eilannen al gau fernuvering oer de 'kleur' fan de eilannen. Sa soe Flylân, in eilân sûnder boeren, mar leafst 95 persint stikstof redusearje moatte.
Ek boeren op Skylge, It Amelân en Skiermûntseach makken harren soargen nei publikaasje fan de stikstofkaart. Deputearre Klaas Fokkinga wie ek 'bot fernuvere' oer de kleur fan de eilannen en ferklearre dat hy fynt dat de 'agraryske sektor net fan de eilannen ferdwine moat'.

'Net natuer, mar boeren bedrige'

Omtzigt kaam mei syn eask yn in ynterrupsje op it ferhaal fan keamerlid Tjeerd de Groot om oan te jaan dat de stikstofkaart fan de minister net flaterfrij is. De Groot fynt lykwols dat it net oan de polityk is om wittenskiplike kaarten te feroarjen. "Als de kaart niet klopt, moet die worden aangepast, maar wij als politiek gaan daar niet over."
Keamerlid Caroline van der Plas fan de BBB ferklearre yn har ynbring dat se 'zolang ik leef' besykje sil om it ûnteigenjen fan boeren tsjin te hâlden. "Niet de natuur wordt bedreigd, maar de boeren. De gevoelloosheid van dit kabinet is stuitend."
Caroline van der Plas by it Twadde Keamerdebat