Klaas Holst Meijer folget Gert Jan Breman op as lid fan de Keninklike PC

Gert Jan Breman (links) wurdt opfolge troch Klaas Holst Meijer © Omrop Fryslân, Geert van Tuinen
Klaas Holst Meijer út Dronryp is it nije lid fan de Keninklike PC. Hy folget Gert Jan Breman op. Breman wie noch mar sûnt novimber 2017 lid fan it ferneamde keatskolleezje, mar fielt him yn it spesifike keatsfermidden net echt thús.
"Ik haw yn april ferline jier it beslút naam om op te hâlden mei myn aktiviteiten op it Sjûkelân", seit er. "Ik hâld net op by de PC, mar ik sil it sjaket net mear oan dwaan. Ik haw eins te min mei it keatsen om my dêr hûndert prosint foar yn te setten."
Hielendal ôfskied nimme, dat wol er net. "Myn krêft leit by it evenemint om de PC hinne. Dus ik sil de brêge wêze tusken de PC en de ûndernimmers en de hoareka yn de stêd."
Yn 2022 hat de PC in begjin makke om yn de mande mei de hoareka fan Frjentsjer it PC-feest stal te jaan. Dêr leit foar de PC ek in belangryk fertsjinmodel en Breman sil dy aktiviteiten mei de hoareka út Frjentsjer yn de takomst útwreidzje.
Gert Jan Breman stiet syn plak ôf oan Meijer
Opfolger fan Breman wurdt dus Klaas Holst Meijer. De 48-jierrige ûndernimmer út Dronryp, mei elektroanikasaken yn ûnder oare Sint Anne, Frjentsjer en Boalsert is troch de PC frege om lid te wurden.
"Doe moast ik it efkes besinke litte", fertelt er. "Thús der efkes goed oer hawwe. Mar ik bin hiel entûsjast oer it keatsen. Keatsen is ferbinend foar Fryslân, dus dêr wol ik graach myn bydrage oan leverje. Ik bin in grut keatsleafhawwer. Dat folgje ik altyd en de PC dêr genietsje ik foar, ûnder en nei de partij fan."
Meijer hat wol in idee wêrom't de PC by him útkommen is as opfolger fan Breman. "Ik ha bestjoerlik altyd al hiel aktyf west. Ik bin in echte bouwer en ik mei graach dingen organisearje. Dêrby binne de kommisjeleden fan de PC altyd ek wol útnûge, dus ik tink dat sy mei dêrom ek frege hawwe."
Klaas Holst Meijer is it nije lid fan de Keninklike PC
Meijer fynt it tagelyk ek in eare om lid te wêzen fan it wichtichste keatskolleezje fan Fryslân. "In hiele grutte eare. En ik sil ek yn alle fasetten myn bêst dwaan om de PC noch moaier en better te meitsjen."
De foargonger fan Meijer wie der net wei fan om op de fiifde woansdei fan july yn sjaket en swaaiend mei de hege hoed op it Sjûkelân te rinnen. Meijer tinkt dêr oars oer. "Ik sjoch dat seker wol sitten. It heart der by."
"It is in hiele moaie tradysje, dus dy moatte wy yn stân hâlde", fynt er. "Ik moat earlik wêze dat dit wol in ding wie dêr't ik efkes oer neitinke moast, want ik bin graach mei-inoar ûnderweis en net ien dy't perfoarst op de foargrûn moat, mar ek dat sil ik wol leare."

Eigen suksessen

Meijer syn eigen suksessen yn de keatswrâld binne rap ferteld: hy is en wie in grut leafhawwer, mar it sukses beheint him ta ien belangrike priis: winner fan it skoaljongesbûn yn 1986 foar Berltsum. "Myn keatskarriêre wie ridlik koart. Ik bin dermei ophâlden by de jonges. Mar it moaiste sukses wie yndied de winst op it skoaljongesbûn."
Oft er al in sjaket hat? "Nee, dat moat der noch komme. Ik haw de hoed al wol krigen."