Teäterproduksje moat oargelmuzyk wer 'seksy' meitsje

Bern sjogge nei 'Polle de orgeljongen' © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
In spesjale foarstelling mei it oargel as sintraal tema moat mear omtinken opsmite foar it muzykynstrumint. Doel is om benammen jongerein te ynteressearjen en dúdlik te meitsjen dat in oargel mear is as allinnich muzyk by tsjerketsjinsten.
Sa'n 100 skoalbern seagen moandei nei de foarstelling oer oargelmuzyk yn de Hobbe van Baerdttsjerke op De Jouwer.
De teäterproduksje 'Polle, de orgeljongen' waard organisearre troch de stichting Vrienden van de Hobbe van Baerdttjserke. It ferhaal is makke troch Mensje fan Keulen en bewurke troch Frank Belt.
"Het belangrijkste is dat ze het orgel leren kennen. Er is bijna geen kind meer dat in de kerk komt en dat is juist de enige plek waar je een orgel vindt. Dus dat hele instrument raakt anders vergeten, en dat zou zonde zijn", seit Belt.
Bern sjogge nei ferhaleferteller Frank Belt © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Yn it 50-minuten duorjende stik komme ferskate feitsjes oer it oargel oan de oarder. Nei de tiid bliuwe in oantal bern noch efkes praten mei de organist fan it stik.
Ien fan de bern is swier ûnder de yndruk. Se is derfan oertsjûge dat der yn Fryslân hast gjinien is dy't sa oargel spylje kin. "Ik fûn it hiel moai wat dy man koe. Dêrom wol ik der wol graach nei lústerje."
Oargelmuzyk moat wer seksy wurde
Yfke hat noch wol in spesjaal fersyk oan de organist: "Kinst miskien 'Vader Jacob' spylje?"
Organist Eeuwe Zijlstra moat der efkes oer neitinke, mar krûpt dan gau wer efter it oargel. Nei in skoftsje klinke der opnij klanken troch de tsjerke. De bern sjonge sêft mei en justjes letter klnkt in twadde applaus. "Dat dy man dat út de holle ken."
Organist Eeuwe Zijlstra © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Neffens de stichting is it oargel in modern en mearsidich ynstrumint. Se fine it wichtich om krekt jongeren te belûken by oargelmuzyk om't publyk by oargelkonserten meastentiids wat âlder is.