Omrop Fryslân

Sibe kin noch stuolwine: "As sa'n stuoltsje wer klear is, binne jo tefreden"

Sibe kin noch stuolwine
It is in fak dat net in soad minsken mear behearskje: stuolwine, of faker stuolmatsje neamd. Sibe van der Meulen (76) fan Aldebiltsyl ferstiet de keunst noch.
Under de oerkaping achter hûs, mei útsjoch oer It Bilt, is Sibe dwaande om in nije matte yn in bernestuoltsje te meitsjen.
Hy brûkt dêr bies foar, in sterke wetterplant dy 't op reid liket, mar folle soepeler is en net gau brekt.
Van der Meulen learde yn 1979 it fak fan syn skoanheit en hat him der yn 'e rin fan de jierren hieltyd mear op talein. Hy nimt noch wol opdrachten oan, mar ryk wurdt er der net fan.

Demonstraasjes op ambachtsmerken

"Dit moat hobby wêze, in pear bûssinten fertsjinnest dermei. Je moatte de oeren net rekkenje, want dan hawwe je noch net in knaak yn 'e oere!"
De stuolwiner hat him oansluten by Ambachtlik Fryslân en sadwaande is hy ek wol te finen op harren ambachtsmerken foar demonstraasjes. Dan jout hy graach tekst en útlis oer syn fakmanskip.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.