Freoneploech 'de feteranen' stiet as ien man achter it earste fan De Westereen
De jongste is 48 en de âldste is 87, en alle tongersdeitejûnen en sneons komme se byinoar op it fuotbalfjild fan vv Zwaagwesteinde. 'De feteranen' neame se harren sels, dizze Westereender freoneploech. Allegearre mei hert en siel ferbûn oan de fuotbalferiening.
Bûten is it stienkâld, dizze tongersdeitejûn op sportpark De Wieken yn De Westereen. En wylst it earste yn de kjeld de training ôfwurket, wurde yn de kantine de tientsjes op tafel smiten om de mienskiplike pot te foljen. It earste blêd bier en Rivella kin besteld wurde.
Oan de lange tafel foar it rút sitte de leden fan 'de Feteranen'. Se komme om te sjen hoe't it earste traint, mar de gesellichheid en waarmte fan de kantine lokje ek.
"It is in unike groep, we binne begûn yn 1991", seit Johannes de Vries, de 'foarsitter' fan de ploech, mar tagelyk ek noch foarsitter fan de fuotbalferiening.
"Ik hold doe op yn it earste en ús doetiidske lieder sei dat we eins mei in feteraneploechje begjinne moatte soene. We ha der doe ek in protte by helle dy't al in jier as wat ophâlden wiene."
Fytstochten en wykeintsjes fuort
Yn de earste jierren fuotballet de ploech sels ek noch, mar dat is no dien. De feteranen wurde in hechte freoneploech dy't neist it supporterjen fan it earste fan 'de readsjes' ek fan alles mei-inoar ûndernimme.
"Al wol 25 jier in pear kear yn 't jier fuort, lange wykeinen mei-inoar, alle saterdeis nei de wedstriid. En as it fuotbalseizoen aanst dien is, dan even op saterdeis te fytsen. Underweis keapje we in pear frisdrankjes, en nei de tiid sitte we hjir ek wer even."
Mar de feteranen helpe inoar ek, fertelt De Vries. "As der wat wie mei in bouwerij, in húske, dan even de dakpantsjes der mei-inoar op lizze, mei-inoar der foar! Dan ûntstiet der wol wat yn de rin fan de jierren."
Helpe mei ferhúzjen
De mannegroep weaget it derop en ferlit de kantine even foar in posysje achter de stekken op it fjild. De pleagjende opmerkingen tusken de spilers fan it earste en harren âldste supporters fleane oer en wer.
"Dizzen binne net op harren mûltsje fallen", laket Jan Rozema, ien fan de feteranen en âld-earste alvetalspiler. "In hiele protte ha ek in bynamme: Minne Kroonwoarstsje, Freark Ierappel, Pieter Meubel....", sommet hy op.
Keimpe Venema fertelt graach hoe hecht oft de ploech is. "Ik bin trije moanne lyn ferhuze. Jan set even yn de app: 'Keimpe moat even wat help ha. Acht oere by Keimpe kofje mei gebak, en dêrnei ferhúzje.' Der kamen fyftjin man en tsien oere wie ik ferhuze!"
Neffens Hein van Althuis wie Jan Rozema ien fan de bêste spitsen fan De Westereen, en topskoarder. Hy wit ek noch wol in anekdoate oer Jan. "Hy hie in tean stikken. Doe hat er syn heit in stikje stiel foar yn de skoech meitsje litten, sadat er wer fuotbalje koe!"
Krupsjes en kwalen
Sa stadichoan begjinne de jierren ek wol mei te spyljen by de feteranen. Keimpe: "We komme no yn de leeftiid fan te grutte prostaten, dus yn de wc kinne jim wol sjen wa't der it faakst hinne gean", laket hy.
"As se trije bierkes hân ha, ha se it oer medisinen. Ik sei: 'Dêr moatte jim in kear mei ophâlde, mei dy medisinen'. Mar no kin 'k der ek by, want ik ha der deis ek al tsien", seit Jan Rozema. Hy hat in pear moanne lyn in ferfelend akkefytsje mei it hert hân.
"Mar we binne hjir foar it earste, de klup steune. En dat is ek leuk, saterdeis nei de wedstriid komme dy mannen ek even by ús, dat is toch prachtich?"
Dy 'mannen' fan it earste binne ek wiis mei harren trouwe fanklup. Jan Eisma: "Mei moai waar geane se ek op 'e fyts nei de klups yn 'e buert dêr't wy tsjin moatte, dat docht ús goed."
"As it goed giet, rinne se mei ús de polonêze, mar as it min giet, krigest it ek te hearren. En sa heart it ek! Net allegearre ha se doel oer fuotbal, mar dat tinke se wol", laket er.
As de feteranen harren waarme plakje yn de kantine wer opsykje, bliuwt Jan Douma achter. Hy wol noch wat langer nei de seleksje sjen.
"Je ha saterdei in belangrike wedstriid, dêr bin ik altyd wol wat senuweftich foar. Ik fuotbalje sels net mear, mar ik fiel de spanning noch hieltyd."
Serieuze petearen en seksgrapkes
Douma is mei syn 48 de jongste 'feteraan'. "Ek al binne se hast in kear sa âld as ik, ik fiel my sa thús by dy mannen. We kinne oeral oer prate, dat jout my in stikje rêst, want ik ha sels ek in protte meimakke."
"Mar we ha ek altyd de grutste wille, hear. Se kinne ek wol oer in grapke of in sekspraatsje, ja, dat fine se ek prachtich, hear!"
Yn de kantine geane yntusken de hinnewjukjes yn de frituer, want dat is in fêst ritueel op tongersdeitejûn.
"Dat hast by in doarpsferiening", seit foarsitter Johannes. "Tsientallen jierren mei-inoar oplûke en inoar helpe. In protte wille en in prachtige groep, dy't útsjocht nei de tongersdei en de saterdeis. En dan ôfslúte mei wat hinnewjukjes!"
Sjoch hjirûnder de reportaazje dy't HEA! makke oer de feteranen fan De Westereen:
De feteranen fan de Westereen