Trije jonge wolven yn Drents-Friese Wold op wyldkamera fêstlein

Wolvejong © Screenshot Wolvenmeldpunt
Yn it Drents-Friese Wold yn Drinte binne jonge wolven filme troch in wyldkamera. De opnamen binne fan augustus. De bistjes wienen doe trije moannen âld. De bylden binne neffens it Wolvenmeldpunt mei opsetsin no pas nei bûten brocht, om se yn alle rêst grut te bringen.
Trije jonge wolvewelpen op kamera fêstlein
Op de bylden sjochst hoe de lytse wolfkes oan it boartsjen binne. Se kôgje op takken, rinne rûntsjes en boartsje mei-inoar. It plak dêr't de wolvejongen filme binne, wurdt geheim holden.
Yn de perioade dat de wolfkes fêstlein binne op byld, rûn yn Drinte in rekôrtal wolven om. Der wienen 57 fermoedlike oanfallen fan wolven. Yn Fryslân waarden yn dy moanne fjirtjin bisten deabiten troch in wolf.
Neffens it Wolvenmeldpunt giet it om de jongen fan in wolvepearke dat al goed in jier yn Súdwest-Drinte omswalket. "Het is een rustige plek in het bos waar de welpen zich uren moeten vermaken, tot de ouders terugkomen met voedsel", seit de saakkundige tsjin de kollega's fan RTV Drenthe.
De welpen binne sûn en se hawwe goed te iten hân, neffens de wolvesaakkundige.