Wiebe kocht yn in opwâling it skûtsje De Broekophâlder, no wol hy der prizen mei winne
"Ik kaam skipper Sikke Tichelaar fan Harns tsjin, we ha in kertier oer it skûtsje hinne rûn, en doe hie ik 'm al kocht. No twa jier fierder, wat in fêste ploech, in bestjoer op de stichting, in sponsorkommisje, it giet hartstikke moai!"
It wie in frijwat ympulsive aksje fan Wiebe van der Wal (33). Mar sa is de Eastermarder. Ein 2024 kocht er it skûtsje Stad Harlingen mei as doel: meidwaan oan de IFKS.
Yntusken stiet Wiebe mei syn bemanning oan de foarjûn fan it tredde seizoen wedstriidsilen.
Altyd al leafde foar de silerij
In soad sylûnderfining hat Wiebe noch net: hy hat allinne mar twa jier meisyld as bemanningslid op it skûtsje Wâldwiif. Mar de leafde foar it skûtsjesilen siet der altyd al wol yn.
"In neef fan ús mem siet op De Heale Moanne, mei ús heit gie ik dan wol nei de SKS te sjen."
Jierren letter kaam Wiebe yn de kroech in bemanningslid fan Tim Roosgeurius fan Wâldwiif tsjin.
"Dy sochten noch bemanning. Ik fyn altyd dingen leuk, dus ik sei 'Ja, ik wol wol in kear mei.' Dus doe ha 'k twa jier mei Tim mei west."
Troch ferkearing yn Dútslân rekke it silen wat op de eftergrûn, mar it bleau jokjen.
"Ik tocht: 'Ik moat eins al wer sile, mar dan net mear as bemanningslid, dan keapje ik ien!' Wie ek in ympulsive gedachte hear."
It skip út Harns giet no fierder ûnder de namme De Broekophâlder, de bynamme fan de Eastermarders.
Twa seizoenen ha Wiebe en syn bemanning no meidien oan de IFKS-wedstriden yn de lytse A-klasse.
Pakt troch it firus
Dizze sneon wurdt it skûtsje klearmakke foar it nije seizoen. De stielkabels komme oan de mêst.
Yn it hok fan pake en beppe Van der Wal binne fan 't winter de swurden opknapt. Dêr leit ek it grutseil dat hjoed nei it skip tabrocht wurdt.
"We kinne wer los, it moaie waar is der wer, we ha der wer sin oan", seit de skipper entûsjast.
"It is in soarte firus, it pakt dy of it pakt dy net. En as it dy te pakken hat, lit it dy ek net mear los."
Heit Anton van der Wal is net fernuvere oer de oankeap fan syn soan. "Doe't er in jier as 15 wie, hat er al sein dat er it dwaan soe. Ik tocht 'Dat sil wol neat wurde', mar doe 't er 30 wie hat er it dien."
Heit is grutsk
Hy hat der wol bewûndering foar. "It is hiel wat fansels, in hiele ploech gearstalle en dan ek noch byinoar hâlde. In hiel geregel, mar dêr is hy geskikt foar."
By de nije bemanning fan De Broekophâlder binne mar trije minsken dy't faker skûtsjesyld ha. Dat realisearret Wiebe him ek.
"Ik seach der wol wat tsjinop. Sa fan: 'No moat ik it allegearre allinne dwaan.' Mar myn gelok wie dat in âld-mbû-learaar fan my belle en sei: 'Ik wit noch wol in mantsje dat jim helpe kin!'"
Sylkampioen oan board
Dat 'mantsje' is Hendrik van der Pol, in oare âld-learaar fan Wiebe, mar ek ferskate kearen Nederlânsk kampioen silen yn de skeakelklasse.
"'Och Wiebe', sei er doe't ik him opbelle. 'Dat is lang lyn.' Hy hie noch 'Wiebe Peugeot' yn syn telefoan stean, want ik hie altyd in âlde 205."
Wiebe frege Van der Pol om as mentor en learaar oan board te kommen om te helpen mei it silen. De âld-learaar stimde fuort yn.
"It wie in telefoanpetearke fan 1 of 2 minuten. En sûnt dy tiid is hy mei. Ik kin hiel goed mei dizze learaar, bin bliid dat hy derby is!"
Hendrik van der Pol fynt it aventoer fan Wiebe machtich.
"Kinne je net sile, je ha gjin jild, en je geane nei in man ta dy't in skip hat en je wolle dat keapje sûnder jild, en dan seit dy man ek noch ja! Dat is toch geweldich! En dan sizze je ek noch fan 'Ik wol hurdsile!'"
De skeakelsiler docht ek dit tredde seizoen wer mei. "Se kinne it no hast sels, it skeelt net folle mear."
Mar stikem genietet de âld-learaar der ek sels bot fan. "Ik hie noch noait op in skûtsje syld, mar ha der wol 40 jier nei sitten te sjen. En ik hie ek altyd wol kommentaar op hoe't it moat."
Wie it earst Wiebe syn doel om mei syn ploech en it skûtsje foaral wille en gesellichheid te hawwen, yntusken binne de ambysjes al wat grutter wurden.
"Ik fernim dat elkenien no sjen wol oft we wat pryskes pakke kinne mei dat ding."
Ambysjes foar de top 7
De Broekophâlder is yntusken fierhinne klear om wer it wetter op te gean. "It brânt my yn, it leafst gean ik aanst noch", seit de skipper.
De Eastermarders ha sin oan it nije sylseizoen. Der dogge achttjin skûtsjes mei yn de lytse A-klasse.
"Dit jier dogge we in goai nei de top 7. Ferline jier siet it deryn, mar doe ha we te folle domme fouten makke. Dêr ha we in protte fan leard. Yn it skip sit it wol, no moat it by ús der noch even goed útkomme!"
Sjoch hjir de reportaazje fan HEA! oer Wiebe en syn skûtsje:
De Broekophâlder is klear foar de striid