Liveblog | 3 augustus 2022

Dit wie de PC fan 2022: Partoer Tjisse Steenstra pakt de winst

Omrop Fryslân folget de hiele dei alles op en om it Sjûkelân yn Frjentsjer, dêr't de 169e PC ferkeatst wurdt. De earste partij set om likernôch 09.30 oere útein. De wedstriden binne fan 14.00 oere ôf live op telefyzje te sjen en moarns al fia de radio te folgjen.

Lêst bywurke: 3 augustus 2022, 20:32
20:28

Oant safier

Dankewol foar it folgjen. Dit wie ús liveblog oer de 169e PC. Foar al it lêste keatsnijs kinst fansels terjochte op ús webside.
20:17

Renze Hiemstra wint de PC foar de fjirde kear

"De ontlading is enorm"
20:11

Marten Bergsma lûkt him it ferlies oan

Marten Bergsma: "Dit komt hurd oan"
20:03

Hans Wassenaar kin it mar krekt drûch hâlde

Hans Wassenaar hat wiete eagen
19:36

Tjisse Steenstra is kening

By de huldiging waard Tjisse Steenstra útroppen ta kening. Hy wie de bêste keatser fan de dei. It wie syn earste PC-titel.
"Geweldich, dit is in dream dy't útkomt", seit Steenstra. "As je him dan dochs winne, dan ek mar fuort kening", grapket hy.
Steenstra is de earste kening út Bitgum sûnt 1930.
Tjisse Steenstra, kening fan de PC © Dijks Media
19:12

Steenstra, Hiemstra en Wassenaar winne!

Se kamen yn de finale mei 5-3 efter, mar Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar winne dochs noch de 169e PC.