Omrop Fryslân

Age en Maestro moatte wenne oan de kavalery yn Appelskea

Age en Maestro moatte wenne oan de kavalery
Age Flapper is by de tredde oefendei fan de Kavalery Eare-eskorte yn Appelskea en alles stiet yn it teken fan Prinsjesdei.
Hy docht foar it earst mei en foar him is it in hiel nije, oare wrâld. Syn hynder Maestro fynt net alle oefeningen like moai.
It is foar Age in oare kultuer, mar ek nijsgjirrich om mei te meitsjen. Mei syn hynder Maestro oefenet er eksersysje, balâns, kommando's, troch it wetter en yn in groep ride.
Normaal rydt er allinnich, wylst dit in echte teamoefening is. Hy is in betûft ruter en dêrom is er ek frege.
Maestro is njoggen jier en hiel maklik en betrouber, mar troch it wetter wol er net.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.