Teäters presintearje mienskiplik festival: "Vieren dat we corona achter ons laten"

Fiif grutte Fryske teäters ha noed oer de gefolgen fan de coronakrisis. Om derfoar te soargjen dat se dochs goed út dizze perioade komme, sykje se no de gearwurking mei-elkoar.
De presintaasje wie op it dak fan Theater Sneek:
It giet om De Harmonie yn Ljouwert, De Lawei yn Drachten, Posthuis Theater op It Hearrenfean, de Frjentsjerter Koornbeurs en Theater Sneek. De gearwurking is ek te sjen yn de teäters sels, want yn septimber komme se mei it mienskiplike Festival Overmorgen.
Dat binne fiif foarstellingen dy't yn fiif wykeinen de teäters bydel gean. "Om te vieren dat we corona achter ons laten en om de makers en artiesten op deze manier weer van werk te voorzien en ze door deze lastige tijd te helpen", seit direkteur Wiebren Buma fan Theater Sneek.
Aktrise en regisseur Tamara Schoppert hat ien fan de foarstellingen makke. "De foarstelling hjit Bingo en we spylje ek in bingo, mar de dame fan de bingo ferliest harsels yn in ferhaal." It stik hat earmoede as ûnderwerp. "In ferhaal dat oer in hiel soad minsken giet. Minsken kenne allegear wol ien dêr't se fan witte dat dy krap sit en it net rêdt."
It publyk krijt ek echt in bingokaart en docht mei oan it spul. De foarstelling bliuwt net yn it teäter, mar giet nei wyksintra. Troch de stipe fan it festival kin de priis foar in tagongskaartsje leech hâlden wurde. "Mar dat moat ek ast it oer dit ûnderwerp ha wolst. Dêr moatte minsken by komme kinne", seit Schoppert.
Teätermakker Wendy Viel © Omrop Fryslân
Teätermakker Wendy Viel hat in foarstelling makke yn opdracht fan De Lawei. It stik hjit Welkom in Drachten. De makkers gean dêryn op syk nei ferhalen fan minsken dy't troch de jierren hinne ferhuze binne nei Drachten. Viel: "Wat al die mensen gemeen hebben, is dat ze van een nieuwe plek, Drachten, hun thuis moesten maken."
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar wie yn Snits by de presintaasje fan it festival