Liveblog
|
8 maaie
Proses-ferbaal foar yllegale beammekap en fersteuren dasseboarch yn Weststellingwerf
Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje. Wolst meldingen krije by in nij berjocht? Klik dan op it beltsje boppe-oan yn de app.
Lêst bywurke: 8 maaie, 22:17
22:17
Proses-ferbaal foar yllegale beammekap en fersteuren dasseboarch yn Weststellingwerf
De FUMO hat yn april in proses-ferbaal opmakke tsjin in opdrachtjouwer en oannimmer dy't yn de gemeente Weststellingwerf sa'n 500 meter oan beammen yllegaal kapt hawwe.
It kappen fan de beammen hie yn 't foar melden wurde moatten oan de provinsje.
Dassen mooglik fersteurd
Boppedat die by de kontrôle bliken dat der tichtby en mooglik op in dasseboarch wurke is. Dat is allinnich tastien mei in omjouwingsfergunning 'Flora en Fauna activiteit'.
"Dit is een kwetsbare periode voor de dassen", skriuwt de FUMO. "Hierdoor zijn mogelijk de aanwezige dassen (en hun jongen) verstoord."
De griene BOA's dienen ûndersochten de situaasje en skreaunen in proses-ferbaal út.
De provinsje is mei in bestjoerlike rapportaazje op de hichte brocht en sil de oannimmer ferplichtsje om de beammen opnij te plantsjen.
It Iepenbier Ministearje sil him bûge oer de strafrjochtlike ôfhanneling.
20:42
Frontale botsing by Vegelinsoard
Op de Zwarte Weg by Vegelinsoard hat freedtejûn in frontale botsing west tusken twa auto's.
It ambulânsepersoniel hat meardere minsken behannele nei it ynsidint en oerbrocht nei it sikehûs.
Hoe't it ûngelok barre koe, is net dúdlik. De plysje docht ûndersyk, dêrtroch is de dyk ticht.
16:11
Plysje fynt wapens by ynfallen yn Ketlik en It Hearrenfean, trije mannen oanholden
De plysje hat tongersdei trije minsken oanholden op fertinking fan ferbean wapenbesit. Ferskate wapens binne yn beslach nommen.
Yn de dagen foar de aksje krige de plysje ynformaasje binnen oer yllegaal wapenbesit en begûn in ûndersyk.
Tongersdeitemoarn waard der in ynfal dien yn in wenning oan de Schoterlandseweg in Ketlik en in bedriuwspân op It Hearrenfean.
Op dy lêste lokaasje waard in 61-jierrige man út de gemeente Hearrenfean oanholden.
Tankstasjon
Op basis fan itselde ûndersyk waard in wein stilset by in tankstasjon oan de Haskeruitgang op It Hearrenfean.
Yn de auto waarden ferskate wapens fûn dy't yn beslach naam binne.
De bestjoerder en de byrider fan de auto, in 59-jierrige man út de gemeente Súdwest-Fryslân en in 41-jierrige man út de gemeente Opsterlân, binne oanholden.
Ferbean wapenbesit
Sy sitte fêst op fertinking fan ferbean wapenbesit.
De mannen wurde noch heard en dan moat bliken dwaan wat harren belutsenheid west hat.
12:24
Sa wurdt de deade dolfyn ôffierd troch de plysje
Sa wurdt de deade dolfyn ôffierd troch de plysje
11:46
Deade dolfyn oanspield op Flylân
Op it strân fan Flylân is in deade dolfyn oanspield. Dat barde flakby it hotel Seeduyn op de noardkant fan it eilân.
It soe gean om in bist fan sa'n twa meter lang.
De dolfyn wurdt nei Utrecht brocht, dêr't ûndersocht wurde sil hoe't it bist ferstoarn is.
09:19
Langere wachttiden: Doeksen moat mei de hân ynchecke troch brân
Rederij Doeksen warskôget reizgers nei Skylge en Flylân om rekken te hâlden mei ekstra reistiid. It ynchecken duorret langer.
Dat hat te krijen mei in brân yn in datacenter yn Almere tongersdei. Dêrtroch wurkje de hânscanners en tagongspoarten net.
It betsjut dat Doeksen de minsken mei de hân yncheckt, mei help fan listen wurdt kontrolearre oft minsken boekt hawwe.
Pashâlders sûnder boeking wurde apart notearre. Doeksen freget harren om ôffearten dochs safolle as mooglik te boeken.
De ferwachting is dat de situaasje noch wol it hiele wykein duorje kin.