Folle wrap mei ierappelslaad en truffel

(advertinsje)

Dit hast nedich:

    4 wraps
    10 plakken salamy
    10 plakken chorizo
    2 reade sipels fyn snippere
    1 teantsje fyn hakke knyflok
    2 tomaten
    Bytsje krûdebûter
    Ierappels skiifke
    2 itensleppel mayonêze
    2 teeleppel truffeltapenade
    ¼ boskje fine biezelok
    Raspe tsiis
    Silysaus

    Sa moatst it meitsje:

    • Ming 2 itensleppels mayonêze mei 1 teeleppel truffeltapenade
    • Doch de skiifkes ierappel en de snijde bizelok derby. Ming dat alles en set it gehiel in skoftke yn de kuolkast.
    • Snij de chorizo, salamy en tomaat yn reepkes.
    • Doch in bytsje krûdebûter yn de panne en doch de sipels en de knyflok derby
    • Doch de reepkes salamy, chorizo en tomaat derby
    • Om en om oansette en de wrap folje.
    • Optsjinje mei de ierappelslaad, in bytsje silysaus oer de wrap en ôfmeitsje mei raspe tsiis

    Wolst it resept printe?

    Klik dan hjir om it resept as pdf te downloaden.

    (advertinsje)