Sûkerbôle brette hânsfodsjes mei bananefla en sûkelade

Foto Bananefla

(advertinsje)

Dit hast nedich:

    1 sûkerboltsje
    sinneblomoalje
    4 itensleppels fanylje fla
    1 mandaryn
    1/4 reep sûkelade

    Sûkerbole brette hânsfodsjes beslach:
    1 kopke molke
    1 aai

    Bananefla beslach:
    1 kopke molke
    1/2 kopke bier
    1 aai
    3-4 itensleppels cakemiks
    2 bananen

    Sa moatst it meitsje:

    • Snij it sûkerboltsje yn 3 plakken en meitsje de oalje hjit.
    • Klopje 1 aai troch 1 kopke molke en lis de plakken sûkerbôle deryn.
    • Bak de sûkerbôle om en om in de hjitte oalje en lit it útlekke op keukenpapier.
    • Klopje 1 aai troch 1 kopke molke en doch der 3-4 itensleppels cakemiks by.
    • Rier oant it beslach grouwer as pankoeken wurdt (oars keekmiks derby dwaan) en doch der dêrnei in flinke fluts bier by.
    • Skyl de banaan en snij 1 banaan yn skeane plakken, de oare yn skyfkes.
    • Meitsje de oalje hjit, doch de banaan yn it beslach en frituer de banaan koart goudbrún.
    • Smar fanylje fla oer de plak sûkerbôle.
    • Doch op de panne in flutske fla en lis de sûkerbôle deryn.
    • Lis der plakjes (skyfkes) banaan op en dêr boppe-op de lijwaarme frituere banaan. Garnearje mei in plakje mandaryn.
    • As lêste in bytsje raspe sûkelade der omhinne struie.

    Wolst it resept printe?

    Klik dan hjir om it resept as pdf te downloaden.

    (advertinsje)