Slaad fan skinke ham mei spinaazjesûfflee, spekjes en grienten

(advertinsje)

Dit hast nedich:

    1 pakje rauwe ham
    1 komkommer
    2 tomaten
    1/2 potsje kapperkjes
    farske sniene andyvje
    rukolaslaad
    1 bakje spekreepkes
    10 kersetomaten
    1 sitroen
    1/2 pak farske spinaazje
    2 aaien
    1/2 fleske rjemme om mei te sieden
    moster-dressing

    Sa moatst it meitsje:

    • Snij de komkommer yn stikken fan 10 sintimeter.
    • Skyl, as in ierappel de bûtenste kant derôf en skyl dêrnei de komkommer nei binnen oant op de siedlist. Rol de komkommer wer op en snij dizze yn reepkes. No krigest komkommerspagetty!
    • Snij de tomaat yn fjouweren en helje de siedsjes derút. Snij dêrnei it fruchtfleis yn reepkes. Ming it troch de komkommer mei it heale potsje kapperkes.
    • Wok de spinaazje oant it slinkt. Hak de spinaazje fyn yn de keukenmasine mei in aai en in fluts rjemme.
    • Doch de spinaazje yn lytse foarmkes yn de magnetron; fol fermogen, 3-5 minuten lang.
    • Snij de spekjes yn reepkes en yn blokjes. Bak se krokant en lit se útlekke op keukenpapier.
    • Bou it slaad op: mei it komkommerslaad, de andyvje en it rukolaslaad. Strui der nútsjes en spekjes oer, drippelje der moster-dressing op
    • Doch de lijwaarme spinaazje sûfflee derop en garnearje mei de rauwe ham

    Wolst it resept printe?

    Klik dan hjir om it resept as pdf te downloaden.

    (advertinsje)