Salm mei spinaazje krûden, tortellini pasta, bosksipels en tomaat

(advertinsje)

Dit hast nedich:

    1 stik salm
    1 pak farske tortelinni spinaazje pasta
    20 kerstomaten
    4 bosksipels
    8 sjampinjons
    3 aaien maismoal
    Keltysk sâlt
    piper
    silypiper
    2 sipels
    1 teantsje knyflok oliifoalje

    Sa moatst it meitsje:

    • Dip it stik salm drûch en doch der in snúfke silypiper by
    • Skroei de salm koart yn de oalje om en om.
    • Meitsje de sipel skjin en doch de sipel yn twaen, lit de sipel donker wurde yn de koekpanne (allinnich oan de snijside).
    • Ferwaarmje de ûne foar op 180°C
    • Sied de farske tortellini 1 minút yn siedend wetter. Net ôfspiele, mar oliifoalje derop drippelje!
    • Meitsje de oalje hjit yn de wok en prik in knyfloktean oan de foarke
    • Roerbak de spinaazje mei de 'knyflok teanfoarke'
    • Hakje de spinaazje fyn
    • Hakje acht sjampinjons sa fyn as reach en doch se by de spinaazje. Doch der Keltysk sâlt, piper, de raspe skyl fan in sitroen en trije itensleppels maismoal by.
    • Bedek de salm mei de spinaazjekoarste
    • Doch sa'n 20 kerstomaten en 4 bosksipels yn twaen
    • Lis alles op de bakplaat en 5 minuten yn de ûne op 180°C
    • Dressearje alles op foarferwaarme pannen en drippelje oliifoalje derop

    Wolst it resept printe?

    Klik dan hjir om it resept as pdf te downloaden.

    (advertinsje)