Rys mei ierappel, sipel en nútsjesmoardip

(advertinsje)

Dit hast nedich:

    2 kopkes wite rys
    3 aaien
    1 sipel (fyn snije)
    1 dl wetter
    2 itensleppels 'Completa'
    3 itensleppels nútsjesmoar
    Sâlt en kerrypoeier
    1 plakje tsiis
    1 ierappel (yn lytse blokjes snije)
    Sinneblomoalje

    Sa moatst it meitsje:

    • Sied de rys sa as it op de ferpakking stiet
    • Sied 1 dl wetter en meitsje der molke fan mei de 'Completa' dy't ik tsjinkaam yn de keukenkastkes.
    • Rier der 3 itensleppels nútsjesmoar troch en lit it siede
    • Meitsje it lekker mei sâlt en kerrypoeier
    • Klopje de aaien en lit de sipeltsjes smoare yn de bûter.
    • Doch it loskloppe aai derby en rier oant it tsjok wurdt.
    • Doch it aai oan de ien kant yn de panne en belis it mei in plakje tsiis
    • Waskje de lyts snijde ierappels en meitsje se drûch.
    • Bak de ierappelblokjes krokant en bewarje se yn in trommel.
    • Doch de rys op in panne, de omelet, nútsjesmoardip derby en strui de krokante ierappels der oerhinne.

    Tip fan Reitse:
    Der wie gjin griente yn dizze kuolkast, mar doch der wol wat by! Bygelyks, paprika yn blokjes, koerzjette, beantsjes en mais. Koart yn de wok en do hast wer genôch griente hân foar de dei!

    Wolst it resept printe?

    Klik dan hjir om it resept as pdf te downloaden.

    (advertinsje)