Slaad fan Kollumer tsiis mei par en drûge woarst chips

(advertinsje)

Dit hast nedich:

    1/4 drûge woarst
    1 giele paprika
    1/4 krop Iceberg slaad
    1 plak Kollumer tsiis
    1 par
    1 aai
    2-3 augurken
    6 kers-tomaten
    2 plakken roastere bôle

    Dressing:
    2 itensleppels sop fan augurk
    Bytsje ketchup
    Itensleppel mayonêze

    Sa moatst it meitsje:

    • Roasterje de paprika yn de ûne of op it fjoer oant er swart wurdt. Pel it swarte fel fan de paprika; de paprika is no lekker swiet wurden. Snij de paprika yn reepkes en apart fan de oare yngrediïnten.
    • Snij de drûge woarst yn uterst tinne plakjes en bak se út as spek. Lit se útlekke op in keukenspapierke... en: do hast drûge woarst chips!
    • Sied de aaien as folget: siedend wetter, aai deryn, 7 minuten, kâld spiele: klear!
    • Skyl de par, snij de par yn plakken en dêrnei yn reepkes.
    • Snij ek de tsiis yn reepkes. Snij de tomaten troch twaen en snij de Iceberg slaad fyn.
    • Roasterje de bôle en snij it yn blokjes
    • Meitsje in dressing fan sop fan augurk mei ketchup en mayonêze.
    • Lis alle yngrediïnten ien foar ien op de panne, de woarst en it aai as lêste.
    • Drippel de dressing der om hinne.

    Wolst it resept printe?

    Klik dan hjir om it resept as pdf te downloaden.

    (advertinsje)