Ite

Resept fan de wike: Spitskes, spruten mei paprika en spek en nútsjesmoarstip

Foar 8 spitskes foar 4 bern

500 gram spruten
1 reade paprika
150 gram plakken drûch spek

4 kopkes rys
1 bakje pindanuten sûnder sâlt
Olive-oalje
Molke
2 teantsjes knyflok
kroepoek

Klearmeitsje:

  • Meitsje de spruten skjin en set yn elke sprút in krúske ûnderyn it sprútsje
    Dan wurde de sprútsjes earder gear en wurde se net drûch
  • Snij de paprika yn blokjes
  • Ringje de sprútsjes mei de paprika en it spek oan in sateestokje
  • Sied de rys neffens de oanwizing op de ferpakking
  • Doch de pinda's sûnder sâlt yn de blender en meal de nútsjes fyn, dêrnei de olive-oalje derby dwaan sadat der in smoar ûntstiet
  • Meitsje de stâlpanne hyt mei de olive-oalje
  • Doch 2 teantsjes fynhakte knyflok yn de olive-oalje en doch de nútsjesmoar derby
    Ofslappe mei molke en troch riere
  • Meitsje it lekker nei eigen smaak mei in bytsje brune sûker en sojastip
  • Doch de spitskes 15 minuten yn in oven fan 180°C
  • Optsjinje mei in bytsje rys en nútsjesmoarstip

Tips fan Lysbeth:

  • In protte bern (mear as de helte) ha in perioade dat se leaver mei iten boartsje as dat se it opite. Meastentiids giet dit wer oer. Soargje derfoar dat it momint oan tafel gesellich is. Hâldt it bern op mei iten? Freegje dan oft hy of sy genôch hân hat en helje it iten fuort. Jou as elkenien fan tafel is gjin oar iten mear, oars leart it bern dat it oan tafel net hoecht te iten! Bang wêze foar tekoarten hoecht net, in bern begjint faak fansels wer te iten.
  • Bern moatte sawiesa it iten sa'n 15 kear priuwe foardat se it lekker fine kinne. Alle kearen in hapke priuwe kin helpe. In protte bern ha foarkar foar swiet en fet iten, dat giet dêrom faak makliker. Begjin dêrom earst mei oare smaken.
  • Jou as âlden it goede foarbyld en gean sels ek gesellich oan tafel sitten, praat oer de dei en yt mei smaak. Sit net te protteljen oer dat it iten net lekker is. Ek al fynt it bern it wol lekker, it sil dyn gedrach kopiearje.
(advertinsje)

Resept fan de wike: Wrap Piri-Piri

Yngrediïnten foar 6-8 wraps

  • 8 hinnebillen à 100 gram
  • Marinade:
  • ½ kofjekopke Kikamon sojasaus (sâlt)
  • 1 teeleppel paprikapoeier
  • ½ teeleppel komynpoeier
  • ½ teeleppel piper
  • 1 teeleppel Sineeske krûden
  • 1 of 2 reade Spaanske piper, tige fyn snijd

Grienten:

  • 1 giele paprika
  • 1 swiete reade puntpaprika
  • 1 reade sipel
  • 3 teantsje knyflok
  • ½ prei
  • ½ bakje sjampinjons
  • 8 tomaten
  • 200 gram griene beannen of tusearten
  • 3 kopkes brune iis

Wraps:

  • 250 gram grouweiten blom
  • 3 aaien
  • ½ liter molke

Hoe’t je it klearmeitsje:

  • Meitsje de marinade, snij de hinnebillen yn lange reepkes en lit in 3 oeren marinearje.
  • Meitsje it wrap beslach:
  • Earst in bytsje molke by de blom, glêd riere, wer in bytsje molke, glêd riere.
  • Dan de aaien ien foar ien der troch riere, en op dikte meitsje mei de rest fan de molke.
  • Te tsjok? Doch der wat ekstra molke by.
  • Bak de pankoeken yn de oliifoalje
  • Sied de brune riis
  • Sied de tusearten (earst de trie derôf) koart yn siedend wetter
  • Snij alle grienten moai fyn en hâld se apart
  • Bak de hinnebillen yn de hite oalje, skep se út de panne
  • Doch de grienten yn it bakfet fan de hin
  • As lêste de fynsnijde tomaten en de prei
  • Lit de grienten útlekke op in souwe en bewarje it focht
  • Lis op de wrap de grienten, de hin en de brune riis
  • Rôlje de wrap op.
  • Meitsje in stip fan it grientefocht: 
  • rier 5 ytleppels grientefocht troch 10 ytleppels ketsjup
  • Opwaarmje yn in oven, 5 minuten, fan 180°C

Tip fan Reitse:

  • Snij alle grienten en de hin moai fyn, dan rôlet de wrap moaier op
  • Tige goed om earder op de dei ta te rieden, rôlje de wrap yn de plestikfoly en lis dizze yn de kuolkast
  • Opwaarmje yn in oven, 5 minuten, fan 180°C of 3 min yn de magnetron

Tips fan Lysbeth:

  • Begjin altyd earst mei it basisiten (sa as yn 'e Skiif fan Fiif). Dit is de basis foar elkenien, ek foar sporters. 
  • Aaiwiten soargje foar it werstel fan de spieren. In oere foar as twa oeren nei it iten wurde se optimaal opnaam. Aaiwiten kinne je it bêste goed ferdiele oer de dei, dus 4 ytmominten mei aaiwiten. 
  • Nim leaver gjin shakes of poeiers, allinne op oanrieden fan in itenssaakkundige. Net alle preparaten binne like feilich, se binne djoer en faak net iens nedich. 

Resept fan de wike: Salm mei krûdekoarst op syn mediterraansk

foar 4 persoanen:

  • 4 stik salm mei hoed
  • 200 gram ferskate farske krûden
  • 20 oliven
  • ½ spaanske piper
  • 3 ytleppels drûge bôlekrommels, of panearmoal
  • raspe skyl fan sitroen
  • 75 gram raspe âlde tsiis
  • speltpasta
  • oliifoalje
  • tomaten en koerzjette


Beknipte wurkwize:

Doch sâlt en piper út 'e mûne op it rôze fiskfleis
Lis de salm op in bakplaatsje mei it fel nei ûnderen
Krûden fyn snije, oliven hakke, spaanske piper snije en minge, mei panearmoal, yn in ytlepel oliifoalje om der in sjeuïch krûdemingsel fan te meitsjen en in bytsje sitroensop en rasp fan de skyl
Lis boppe op 'e salm in laachje krûden
Doch der raspe tsiis oer
Sied de pasta, neffens de oanwizingen en hâld de pasta waarm

De salm fiif minuten yn in oven fan 180°C, optsjinje mei de pasta en de grienten

  1. Yt in protte griente, fruit, folkoaren produkten, pûlfruchten, nuten, fisk en oliifoalje.
  2. Yt minder fleis, sûker en bewurke produkten
  3. It is net allinnich in manier fan iten, mar in manier fan libjen: beweech in protte en ûntspan dêrneist geregeld alle dagen.
  4. Brûk net te folle sâlt, mar leaver in protte krûden.

Resept fan de wike: Neisimmersalade sûnder laktoaze

Foar 4 persoanen

  • 400 gram Tynjetalertsiis yn ien stik
  • 1 krop slaad
  • 3 tomaten
  • ½ komkommer
  • 50 gram walnuten
  • 1 heale reade sipel
  • 4 boltsjes gember
  • 1 Granny Smith appel
  • farske koriander, piterseelje
  • swarte piper en seesâlt
  • 1 limoen
  • 3 eigen makke slaaddressing (sjoch resept)
  • bôle


Hoe’t je it klearmeitsje:
Begjin mei it waskjen fan it slaad yn rom kâld wetter. Brûk allinnich mar de giele dielen fan it slaad, dizze binne it lekkerst
Meitsje de dressing (sjoch resept)
Snij de tomaatsjes sûnder de pitsjes yn reepkes, en ek de komkommer (mei skyl)
Appel ek yn reepkes snije en daliks dressing derop dwaan oars wurdt de appel brún.
Snij de sipel yn tinne heale ringen en de gember en radys yn tinne plakjes
Tsiis yn reepkes snije
Slaad op it board en de sniene yngrediïnten der op lizze, ien foar ien.
Sâlt en piper der op en de dressing derom hinne drippelje.

Basisdressing foar slaad

  • 2 dl oliifoalje
  • ½ dl jittik
  • ½ sipel
  • ½ appel
  • ½ boskje piterseelje
  • 1 ytleppel poeiersûker nei eigen smaak
  • ½ boskje fynsnien biezelok

Hoe't je it klearmeitsje
Dizze slaaddressing is in hit! Je meitsje it sa:

  • Doch alle yngrediïnten útsein de biezelok yn de staafmikserkom en draai alles fyn.
  • Helje de dressing troch in souwe (seef) en bewarje dressing yn in spesjaal poffertsjesfleske.
  • Je kinne de dressing sa’n twa wiken goed hâlde yn de kuolkast.

Tips fan Liesbeth

  1. Lês goed etiketten, hjir stiet op oft der molke of laktoaze yn sit.
  2. Faak kinst in lyts bytsje laktoaze wol ha, bygelyks in heal skaaltsje yochert. Dit jout in stikje frijheid.
  3. Hâldst klachten? Of fynst it lestich? Nim kontakt op mei in diëtiste, der krijst in persoanlik advys.

Resept: grille

Grilde slaad:
Klearmeitsje:

  • Snij de lytse kropkes slaad troch de helte (Romaanske slaad of sûkerslaad)
  • Op in flauwe BBQ koart grille foar 5 minuten
  • Doch der wat oliifoalje, wat sâlt en balsamico-jittik oer
  • Daliks optsjinje!

Griene asperzjes:
Klearmeitsje:

  • Skyl de asperzjes fan de kop nei de foet. Snij it ûnderste stikje derôf en doch 4 asperzjes oan in sateeprikker
  • De asperzjes koart siede foar 2 minuten
  • 1 prikker troch de boppekant en 1 prikker troch de ûnderkant. No kinst maklik de grienten draaie
  • Gril de asperzjes op in hite BBQ fan 220°C
  • Helje de sateeprikkers derôf en dressearje de grilde asperzjes op in foarferwaarme board

Grilde paprika:
Klearmeitsje:

  • Gril de paprika oant er swart bleakere is. No kinst mei in meske it fel fuort helje
  • De paprika is swiet wurden en hat in hearlike grillsmaak

Rierbakgrienten mei spagetty en kokos:
Klearmeitsje:

  • Ried de barbecue ta op direkte gemiddelde waarmte (175-230°C)
  • Pleats de wok yn it grillroaster en ferwaarmje de wok foar
  • Doch de kokosmolke, de currypasta en de silypiper yn de
  • wok, lit dit in pear minuten soarje
  • Doch de sniene grienten derby en wok foar 4-5 minuten
  • Servearje eventueel mei spagetty

Rikke tsiis:
Klearmeitsje:

  • Doch blokjes wiet makke reekhout op de BBQ of lis se op de koalen
  • Set de tsiis op de BBQ
  • Foar 10-15 minuten op in BBQ fan 100-110°C rikje

Resept: Ierdbeien mei piper

Ierdbeien mei piper… sûnder sûker!

Yngrediïnten foar 4 persoanen
500 – 750 farske ripe ierdbeien (brûk de minne foar de saus)
4 stikken stjeranys
1 beker creme fraiche
piper út de mûne
1-2 dripkes tabasko

Materiaal:
Keukenmasine of staafmikser

Klearmeitsje:
• Doch de stjeranys mei in ½ kopke wetter yn in stâlpanne en lit it koart siede.
No 45 min. ynlûke litte.
• Waskje de ierdbeien yn rom kâld wetter en ûntdoch se dêrnei fan it kroantsje
• Lis de ierdbeien op in keukendoek en dip se foarsichtich drûch.
Ierdbeien altyd mei it kroantsje waskje oars ‘rinne’se fol mei wetter.
• Ferdiel de ierdbeien oer de glêzen en brûk 3-4 ierdbeien
de persoan foar de saus. Doch dy ierdbeien yn in kom.
• Doch 4-5 itenslepels focht fan de anys by de ierdbeien yn de kom foar de saus.
Bewarje de stjeranys.
• Doch der in beker creme fraiche by.
• Draai mei de pipermûne oer de ierdbeien en doch der 2 dripkes tabasko by.
• Draai de saus gehiel fyn in de keukenmasine.
• Hak 1-2 stjeranys hiel fyn mei in koksmes.
• Jit de saus op de ierdbeien en garnearje mei farske munt en strui as lêste
de hakke anys oer de ierdbeien.


Lekker sûn ite!!

Reitse

Reitse giet oan de slach mei fezels

Tips fan Lysbeth mei har tips om safolle mooglik fezels binnen te krijen:

  • Nim grouweiten (‘volkoren’) bôle, grouweiten pasta en brune rys.  Ast leaver wite rys of pasta hast, kinst ek healom dwaan.  
  • Meitsje gjin smoothie fan de griente en fruit: hjirmei fermeallest  de fezels en ha se net meer it goeie effekt.
  • Yt regelmjittich beanen, hjir sitte in protte fezels yn. Je kinne se ite as haadmiel (lykas chili con carne) of troch de pasta, slaad of sop dwaan. 

Salade mei beanen en in protte fesels!

    Genôch foar fjouwer minsken:

    - 1 kg AA asperzjes
    - Romme panne mei deksel wêr’t de asperzjes ynpasse
    - Wetter
    - In bytsje bûter
    - Snufke sâlt
    - Seane wâldbeannen
    - ½ krop slaad
    - Dressing fan ien part jittik en twa part olive-oalje
    - Biezelok sprieten
    - Fjouwer plakken skinke
    - Folkoaren bôle
    - Lytse tomaten
    - Roastere nútsjes

    Hoe’t je de asperzjes klearmeitsje:
    Freegje om moaie grouwe asperzjes, oars binne se net te skilen!
    Skyl de asperzjes altyd mei en tinskiller. Der binne spesjale aspergeskillers te krijen en dy skile prachtich. Foar noch gjin trije euro by Brattinga op De Jouwer!

    Nim in snijplanke en lis ûnder de snijplanke in wiet doekje, dan skoot de planke net fuort mar dan bliuwt it lizzen op it oanrjocht. Lis de asperzje plat op de snijplanke en skyl de asperzje fan de kop nei de foet. Hieltyd draaie en twa kear der om hinne skile! As der noch in stik skyl op sit krije lange triedden!

    Snij ûngefear ien cm fan de foet ôf. En bewarje dizze stikjes foar yn 'e sop.
    Lis de asperzjes yn de panne en doch der sa folle wetter op dot se krekt ûnder stean.
    Lyts stike boerebûter der op en in bytsje sâlt. Deksel op 'e panne en siede litte.
    No komt it der op oan... It liket maklik, mar je kinne der better by bliuwe.

    Regel 1: Net sjen ûnder it deksel.
    Regel 2: As de asperzjes siede, direkt fan it fjoer helje.
    Regel 3: Panne mei asperzjes yn de goatstien sette en kâld wetter der oer hinne rinne litte. De asperzjes kuolje no goed of. Tink der om it deksel der op sitte te litten. Der mei gjin wetter yn de asperzjepanne komme.
    Regel 4: As alles ôfkuolle is, de asperzjes ûnder it focht bewarje (trije dagen maksimaal)
    "Wêrom?" hear ik jo tinke.. Ik wol se dochs waarm ite? Sjoch.... asperzjes skille en siede kostet in soad oandacht. Efkes te lang siede en se binne net mear top! Dus net te hastich wêze, myn advys: doch it in pear oeren yn it foar of in dei derfoar. As je de asperzjes ite wolle, earst it focht siede, en de asperzjes ûngefear twa minuten opwaarmje yn it asperzjefocht.

    De salade:

    Sied de beannen gear yn rom wetter.
    Waskje it slaad en roasterje de nútsjes yn in bytsje oalje.
    Snij de tomaten troch de helte.
    Meitsje de salade op mei de kâlde asperzjes, kâlde beannen, slaad, tomaat en garnearje mei de bizelok, ham en de roatere nútsjes.

    Lekker fezels ite!

    We ite in kilo sâlt tefolle yn it jier. Mar it moat ek net al te flau wurde fansels. Sjoch hjir hoe’t Reitse dat docht

    Tips:

    • Doch sels gjin sâlt oer it iten mar brûk krûden en speserijen.
    • Keapje farske, net krûde produkten (bygelyks gjin pakjes en pûdsjes of in kant en klear miel).
    • Tsiis en fleis op bôle sit in protte sâlt yn, kies leaver foar cottage cheese, suvelspread, jam, sandwichspread, hin- of kalkoenfilet, aai
    • Brûk gjin: fleis- en fiskkrûden (kies in soart sûnder sâlt), bûljonlokjes, krûdesâlt, seesâlt, maggy, ketjap, worcestersaus, moster, sambal en ketchup

    Resept: Stooffleis sûnder sâlt!

      Yngrediïnten foar 4 persoanen:
      4 kowesukadelappen à 150-200 gram yn stikjes
      5 fleistomaten
      2 bledsjes laurier
      2 ytlepels blom
      1 glês reade wyn
      3 grutte sipels yn ringen
      1 reade paprika
      6 teantsjes knyflok
      2 teeleppel paprikapoeier
      4 kofjekopkes rys
      50 gram boerebûter
      Piper út de molen

      It klearmeitsjen:
      De sukadelappen yn groffe stikken snije en piper op het fleis met twa teeleppels paprikapoeier. Doch twa ytleppels blom der troch en ferming alles goed. Bûter yn de panne en goed útbrûze litte. Doch it fleis yn 'e panne en skroei it fleis brún. Pletsje de seis teannen knyflok mei de platte kant fan it koksmes en hak it fyn. Doch de knyflok derby, oanswitte en ôfblusse mei de reade wyn. No ek de laurierblêden derby dwaan. Lit it fleis súntsjes op in pitsje stove. Snij de paprika en snij alles yn blokjes en oanswitte yn de hite bûter. Doch de sipels derby, snij de tomaten yn stikjes en doch dy by de paprika en de sipels. Dan alles by it stooffleis en súntsjes siede litte. Nei 3 à 4 oeren is it fleis klear …tsjinje der rys by op it board!
      Lekker ite!

      (advertinsje)