Fruit dessert mei knapperich daai út eigen kuolkast

(advertinsje)

Dit hast nedich:

    1 pakje djipfries koarstdaai
    3 aaiwyt en 1 aaidjerre
    1 stikje farske gimber fyn raspe
    25 gram boere bûter en 3 skepkes sûker

    1 sinesapel
    1 grapefruit
    100 gram djipfries farske, beien út eigen tún
    100 gram djipfries, farske, ierdbeien út eigen tún
    1 sitroen
    fluts jittik
    Sâlt

    Sa moatst it meitsje:

    • Helje it koarstdaai út de friezer. Snij der in punt fan; troch de helte
    • Stryk it daai mei aaidjerre
    • Bak it yn in ûne op 200°C krokant brún
    • Snij de sinesapels en de grapefruit yn partsjes: Earst de skyl derôf mei in kartelmes en mei in skerp meske de partsjes derút snije
    • Hâld de sinesapel en de grapefruit apart
    • Doch it djipfries fruit yn in panne, mei it sop fan de sinesapel en grapefruit en in bytsje sûker. Lit it fruit stadich siede, souje it fruit derút en bewarje de saus
    • Nim in skjinne panne, doch der in klontsje bûter yn, lit it smelte en doch der twa itensleppels sûker op.
    • Lit de sûker karamelisearje en dwêst it ôf mei it focht fan it fruit.
    • Meitsje in beslachkom fetfrij mei in heale sitroen, jittik en sâlt. Wriuw de beslachkom fetfrij, spiel om mei waarm wetter en net ôfdrûgje!
    • Doch de aaiwiten yn de komme en klopje se stiif mei in mikser.
    • Lis it koarstdaai op in panne, lis it fruit derop

    Wolst it resept printe?

    Klik dan hjir om it resept as pdf te downloaden.

    (advertinsje)