Byfstik mei sipels, ierappeltaart en reade biteslaad

(advertinsje)

Dit hast nedich foar 4 persoanen:

    4 byfstikjes; tin snijd
    4 sipels yn tinne ringen; foar de byfstik
    3 tomaten
    2 apels
    3 seane reade biten
    1 kg ierappels yn blokjes snijd
    ½ liter folle molke
    4 aaien
    2 sipels yn tinne ringen
    4 plakken tsiis

    Sa moatst it meitsje:

    • Skyl de ierappels en snij se yn plakken
    • Snij alle sipels yn tinne ringen en ferming 1/3 mei de ierappels
    • Sied de ierappels en de sipel ringen yn de molke mei sâlt en piper
    • Klopje 4 aaien los en doch der 2 dl folle molke troch hinne
    • Wannear't de ierappels siede, de waarme molke minge mei it aai en molke mingsel
    • Yn in ûneskaal en belizze mei plakken tsiis
    • 25 minuten yn in ûne op 180 graden
    • Swit de sipels oan yn de panne; lit se net kleurje
    • Doch de partsjes tomaat troch en lit it langsum smoare
    • Snij apel en biten yn tinne reepkes en meitsje it lekker mei jittik, sâlt en piper
    • Snij de byfstik yn reepkes en doch der sâlt en piper op
    • Yn de hjitte bûter, om-en-om ticht skroeie
    • Optsjinje mei de ierappeltaart, byfstikreepkes mei sipel derop en de bite-apelslaad

    Wolst it resept printe?

    Klik dan hjir om it resept as pdf te downloaden.

    (advertinsje)