Bonbon fan rikke salm

(advertinsje)

Dit hast nedich foar 4 bonbons

    8 plakken rikke salm
    200 gram 'blancheerde' ierappel yn blokjes
    2 tomaten yn blokjes
    2 itensleppels tonynslaad
    Frisse slaad as garnearring
    2 seane aaien

    Materiaal:
    Plestik folje

    Cocktailsaus:
    1 itensleppel ketchup
    2 itensleppels Grykse yochert
    2 itensleppels mayonêze
    Snufke paprika poeier
    In bytsje bearenburch

    Sa moatst it meitsje:

    Slaad meitsje:

    • Snijd de ierappel in blokjes
    • Blancheer' de ierappelblokjes koart in 3 minuten yn sierend wetter
    • Bring it slaad op smaak mei piper, sâlt en mayonêze en set it in de kuolkast

    Bonbon meitsje:

    • Lis de plestik foly op it oanrjocht
    • Lis 2 plakken rikke salm op de foly
    • Doch 2 itensleppels fan it krekt makke slaad op de plakken salm en tear de salm om de salade
    • De foly om de salm berôlje en mei in draai beweging de bonbon foarmje. Wol stiif trochdraaie sadat der in moaie bol ûntstiet
    • Lis de bonbons yn de kuolkast

    Cocktailsaus meitsje:

    • Ming de Grykse yochert mei de mayonêze en de ketchup
    • Doch in snufke paprikapoeier en de fluts Bearenburch derby It gehiel ôfmeitsje:
    • Lis plakjes komkommer op de panne, fyn snijde slaad derby en de salm bonbon derop
    • Garnearje it gehiel mei de cocktailsaus, seane aaien en tomaat
    • Lis alles op in panne

    Wolst it resept printe?

    Klik dan hjir om it resept as pdf te downloaden.

    (advertinsje)