Bargefleis mei rys, wite koal, soere atjas komkommer en kerrystip

(advertinsje)

Dit hast nedich:

    Stikje bargefilet
    1/2 wite Savoie; snijd en sean
    2 snippere sipels
    2 teantsjes knyflok
    Jittik
    1 komkommer
    Sambal, kerry, sâlt en piper
    Beferzen sopgrienten
    2 kofje kopkes rys
    2 stikken drûge woarst (lekker
    oppeuzele)
    1 flutske slachrjemme

    Sa moatst it meitsje:

    • Snij it bargefleis yn blokjes en bring der smaak oan mei kerry, piper, sâlt en sambal
    • Snipperje de sipels yn lytse blokjes (sjoch tip yn it programma)
    • Doch de komkommer troch twaen, ferwiderje de siedsjes en snij yn skyfkes
    • Ferwaarmje ½ kopke jittik mei 1 kopke wetter en in teeleppel kerrypoeier
    • Sied de komkommer yn it jittikwetter en lit it ôfkuolje.
    • Sied de rys 8 minuten gear en lit it drûchstome
    • Meitsje de oalje hjit, bak it fleis mei de sipels en de knyflok.
    • Doch der in bytsje slachrjemme by en hâld it waarm
    • Meitsje de seane Savoie koal oan mei piper en kerry
    • Meitsje in timballefoarmke rys: kofjekopke ynfetsje, seane rys deryn, oandrukke en út it kopke tikke.
    • Lis alles op in panne

    Wolst it resept printe?

    Klik dan hjir om it resept as pdf te downloaden.

    (advertinsje)