Fryslân sûn

Goed ite en mear bewege! Mar foaral ek: sûn ite en op de goede wize bewege. Wa wol dat no net?
Fryslan sûn jout jo tips oer hoe dit te dwaan. Sadat we mei-inoar sûner en fitter wurde.

Mei tv-kok Reitse Spanninga en diëtiste Lysbeth Rubingh.

(advertinsje)

Resept fan de wike: Spitskes, spruten mei paprika en spek en nútsjesmoarstip

Foar 8 spitskes foar 4 bern

500 gram spruten
1 reade paprika
150 gram plakken drûch spek

4 kopkes rys
1 bakje pindanuten sûnder sâlt
Olive-oalje
Molke
2 teantsjes knyflok
kroepoek

Klearmeitsje:

  • Meitsje de spruten skjin en set yn elke sprút in krúske ûnderyn it sprútsje
    Dan wurde de sprútsjes earder gear en wurde se net drûch
  • Snij de paprika yn blokjes
  • Ringje de sprútsjes mei de paprika en it spek oan in sateestokje
  • Sied de rys neffens de oanwizing op de ferpakking
  • Doch de pinda's sûnder sâlt yn de blender en meal de nútsjes fyn, dêrnei de olive-oalje derby dwaan sadat der in smoar ûntstiet
  • Meitsje de stâlpanne hyt mei de olive-oalje
  • Doch 2 teantsjes fynhakte knyflok yn de olive-oalje en doch de nútsjesmoar derby
    Ofslappe mei molke en troch riere
  • Meitsje it lekker nei eigen smaak mei in bytsje brune sûker en sojastip
  • Doch de spitskes 15 minuten yn in oven fan 180°C
  • Optsjinje mei in bytsje rys en nútsjesmoarstip

Tips fan Lysbeth:

  • In protte bern (mear as de helte) ha in perioade dat se leaver mei iten boartsje as dat se it opite. Meastentiids giet dit wer oer. Soargje derfoar dat it momint oan tafel gesellich is. Hâldt it bern op mei iten? Freegje dan oft hy of sy genôch hân hat en helje it iten fuort. Jou as elkenien fan tafel is gjin oar iten mear, oars leart it bern dat it oan tafel net hoecht te iten! Bang wêze foar tekoarten hoecht net, in bern begjint faak fansels wer te iten.
  • Bern moatte sawiesa it iten sa'n 15 kear priuwe foardat se it lekker fine kinne. Alle kearen in hapke priuwe kin helpe. In protte bern ha foarkar foar swiet en fet iten, dat giet dêrom faak makliker. Begjin dêrom earst mei oare smaken.
  • Jou as âlden it goede foarbyld en gean sels ek gesellich oan tafel sitten, praat oer de dei en yt mei smaak. Sit net te protteljen oer dat it iten net lekker is. Ek al fynt it bern it wol lekker, it sil dyn gedrach kopiearje.

Wat is Fryslân sûn? Syb leit út!

(advertinsje)