Fryske top 100

Hy komt der wer oan: de Fryske top 100. Yn it wykein fan 11 en 12 novimber is de ôftraap fan de Fryske top 100 en rydt der in stimbus troch de provinsje. Stimme kin fan dan ôf fia Frysketop100.nl.

Stimme kin ek dit jier wer oant twadde krystdei. Op dy dei sitte ferskate bekende Friezen klear om de lêste stimmen yn te fieren. 

Op âldjiersdei wurdt foar de 19e kear de Fryske top 100 útstjoerd. Omrop Fryslân sjocht ek mei de harkers en sjoggers werom op 2016. De Fryske top 100 is der âldjiersdei fan 13.00 oere middeis oant krekt nei middernacht. De top 100 wurdt dan bekend makke fia radio, telefyzje, de webside en de Omrop-app.

(advertinsje)