Operaasje Fryske Flagge

De Fryske flagge, in belangryk symboal foar ús Friezen. Sadra't we de pompeblêden sjogge, begjint it hert flugger te slaan..... En dy Fryske flagge komst oeral op 'e wrâld tsjin, want oeral binne Friezen. Of sa't we dat sa moai neame: Friezen-om-utens.

Mar ien ding hawwe wy Friezen noch net (útsein in eigen lân fansels....): in Fryske flagge emoji. Dus in Fryske flagge tusken al dy flagge-ikoantsjes op de telefoan of sosjale media. Om sjen te litten hoe ynternasjonaal ús flagge is, begjint Omrop Fryslân 'Operaasje Fryske Flagge'. It doel is om foto's te sammeljen fan Friezen-om-utens fan oer de hiele wrâld, fansels mei in Fryske flagge yn de hannen. En dan wolle we foto's út alle lannen op ierde! It ultime doel is om foar inoar te krijen dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Pleats dyn foto as Fries-om-utens op de kaart

Hoe wurket it?

  • Bisto Fries-om-utens, dus wennest net mear yn Fryslân, meitsje dan in foto fan dysels mei de Fryske flagge yn 'e hannen en upload dy op ús wrâldkaart. (Klik op Voeg punt toe rjochts boppe yn de kaart)
  • Do kinst op de kaart de krekte lokaasje oanjaan dêr't de foto makke is of wêr'tsto wennest. Fansels mei it ek in foto wêze fan dy en dyn húshâlden, famylje en/of freonen. Asto der mar opstiest en de Fryske flagge.
  • Fierder freegje we dy om noch wat fragen te beäntwurdzjen, sadat elkenien ek te witten komme kin fan wa'sto ien bist. De antwurden meist fansels ek yn it Nederlânsk skriuwe.
  • Dyn ynstjoering wurdt earst goedkard troch de redaksje. Dêrnei is it resultaat te sjen op 'e kaart.

Help nedich?

As it dy net slagget helpe wy dy graach. Oerdeis kinsto ús redaksje Whatsappe foar help: +31682214741 Sy kinne dyn gegevens ek foar dy op 'e kaart sette.

Wurket de kaart net noflik of is de kaart te lyts op dyn skerm? Klik dan hjir om de kaart fullscreen te iepenjen.

Hasto net in Fryske flagge om hannen?

Printsje dan ús spesjale Operaasje Fryske Flagge-flagge út. Alle wiken belje we mei in Fries-om-utens yn ien fan ús radioprogramma's. Dus it kin samar wêze datst ek noch op de radio komst. Dêrneist meitsje we ferhalen oer dy Fryske flagge. Dy kinst hjirûnder lêze.

(advertinsje)

Mear nijs oer Operaasje Fryske Flagge