Froulju fan Fryslân

  • Froulju fan Fryslân
  • Froulju fan Fryslân: wa fertsjinnet in stânbyld?

(Liever Nederlands? Klik dan hier)

Foar it nije programma 'Froulju fan Fryslan' is Omrop Fryslân op syk nei bysûndere froulju. Omrop Fryslân ropt fan hjoed ôf elkenien op om in Fryske powerfrou te nominearjen fan wa't in stânbyld makke wurde moat. Wa kent in super-Friezinne?

Der steane yn Fryslân benammen stânbylden fan manlju. Tiid foar feroaring fynt Omrop Fryslân. Dêrom sykje byldzjend keunstner Natasja Bennik en programmamakker Marleen Godlieb foar Froulju fan Fryslân gewoane froulju om boarstbylden fan te meitsjen. Froulju dy't wichtich binne op watfoar manier dan ek; foar dy, dyn famylje, it doarp of de feriening. De froulju dy't út alle nominaasjes útkeazen wurde, wurde yn bewegend en taastber byld ferivige. Fan it hjerst is it programma op telefyzje by Omrop Fryslân te sjen.

Froulju fan Fryslân makket diel út fan LF2018. Alles oer it projekt is te folgjen op Facebook.com/frouljufanfryslan. Foar it projekt is in crowdfundingsaksje op tou set. Foar de minsken dy't in bydrage dogge binne der ferskate tsjinprestaasjes betocht. Sjoch foar mear ynformaasje op Voordekunst.nl.

Hokker Fryske frou fertsjinnet in stânbyld? Jou har hjir op. De spulregels binne:

  • De frou (of famke) wennet yn Fryslân
  • It giet om 'gewoane' froulju. Ien dy'tsto bysûnder fynst, de frou hoecht net ferneamd te wêzen
  • It moat in persoan wêze dy't noch libbet, dus gjin histoarysk figuer
(advertinsje)