Freonen fan Omrop Fryslân

Each & Ear

Klik op de ôfbylding om de lêste edysje fan de Each & Ear te lêzen.

eachenear

De Feriening Freonen fan Omrop Fryslân (FOF), is de stipersferieniging fan de Omrop. It doel fan de feriening is it stribjen nei in goede publike Fryske Omrop foar radio en telefyzje. De FOF soarget foar ynformaasje oer Omrop Fryslân en stipet Omrop Fryslân by syn doelstellings en aktiviteiten.

De FOF hâldt kontakt mei har leden fia it ledeblêd Each en Ear, dat trije kear yn it jier útkomt.

Lid wurde?

Wolle jo ek graach freon wurde fan de FOF? De ledebydrage is min. € 9,- yn it jier. Jo kinne belje nei 06-4390 3180. Jo kinne jo ek oanmelde fia it formulier ûnderoan dizze side.

De Freonen hawwe ek in eigen facebookside mei nijs, links en foto's fan bygelyks de spesjale Freone-eveneminten:
De frijwillichster fan de Freonen fan de Omrop, Gea Bouma, organisearret û.o. de jiergearkomste en it jierlikse reiske yn de maitiid. As jo lid wurde foar € 9,- yn it jier, dan kinne jo dêroan dielnimme.

Kontakt

Jo kinne op ferskate wizen kontakt opnimme mei de FOF, bygelyks fia de mail: freonen@omropfryslan.nl
 

Jo kinne ek in briefke stjoere nei:

Feriening Freonen fan Omrop Fryslân
Postbus 7600
8903 JP LJOUWERT

Oanmelde Freonen fan Omrop Fryslân

(advertinsje)