Untfangst en frekwinsjes

Meidieling: Ziggo hâldt op mei it oanbieden fan analoge radio. Klanten by Ziggo moatte oerskeaklje op it digitale kanaalnûmer fan Ziggo: 824. it is te finen yn de stjoerderlist fan de telefyzje of mediabox. Lês hjir mear.

Radio

FM en DAB+
Omrop Fryslân Radio stjoert yn Fryslân út op 92.2 FM en 92.5 FM en yn de noardlike helte fan Nederlân fia digitale radio, DAB+ kanaal 9D en 6B. Mei DAB+ kinne radiostjoerders sûnder rûs ûntfongen wurde. Om DAB+ ûntfange te kinnen is in nije radio nedich. Sjoch foar mear ynformaasje oer DAB+ op www.digitalradio.nl.

Digitaal fia de kabel of IPTV
Fia in tv-smartcard of Mediabox kinne jo Omrop Fryslân Radio digitaal ûntfange.

Ziggo: 824 (of as dat net wurket 1824)
Kabel Noord: 808
T-Mobile: 1820
Tele 2: 937
KPN, XS4ALL, Budget Alles in 1 en Oxxio: 880
Online: 764
Caiway: 859
Delta: 896


Kabel analooch (hâldt yn 2021 by Ziggo op)
Klanten fan Kabelnoord kinne Omrop Frysylân Radio ûntfange fia de analoge kabel. Ziggo hâldt yn 2021 op mei it oanbieden fan analoge radio.

  • Achtkarspelen: 90.5 FM
  • It Amelân: 88.9 FM
  • Dantumadiel: 88.9 FM
  • It Hearrenfean: 90.5 FM
  • Ljouwert: 90.5 FM
  • Noardeast-Fryslân: 88.9 FM (net mear besikber yn de eardere gemeente Ferwerderadiel)
  • Skiermûntseach: 88.9 FM
  • Smellingerlân: 90.5 FM
  • Tytsjerksteradiel: 90.5 FM


Online
Omrop Fryslân Radio is ek live fia ús webside en ús apps te beharkjen. Hawwe jo in ynternetradio dan fine jo Omrop Fryslân yn de database fan de radio, of brûk de folgjende link: https://www.omropfryslan.nl/radio.m3u

 

Telefyzje

Omrop Fryslân Telefyzje is yn hiel Fryslân te sjen fia Digitenne (DVB-T), en lânlik fia de kabel en IPTV.

Digitaal fia de kabel of IPTV
Fia in tv-smartcard of Mediabox kinne jo Omrop Fryslân digitaal ûntfange.

  • Ziggo: kanaal 30 yn Fryslân en yn hiel Nederlân ek op kanaal 702
  • Kabelnoord: kanaal 11
  • T-Mobile: 504
  • Tele 2: 410
  • KPN, XS4ALL, Budget Alles in 1 en Oxxio: 502
  • Online: 254
  • Caiway: 77
  • Youfone: 801
  • Delta: 61

Kabel analooch
Klanten fan Kabelnoord kinne yn Fryslân fia de analoge kabel nei Omrop Fryslân sjen.

It Amelân: 50 (703,25 MHz)
Dantumadiel: 50 (703,25 MHz)
Noardeast-Fryslân: 50 (703,25 MHz) (net mear besikber yn de eardere gemeente Ferwerderadiel)
Skiermûntseach: 50 (703,25 MHz)

Online
Omrop Fryslân Telefyzje is ek streekrjocht fia ús webside en ús apps te besjen. Omrop Fryslân wurdt ek oanbean yn de tv-apps fan telefyzjeproviders en by NLZIET.

 

Satellyt

Omrop Fryslân Telefyzje is ek te ûntfangen fia de ASTRA 3-satellyt. op 23,5 graden East. Dêrfoar hawwe jo wol in skûtel nedich mei dûbele kop (DUO- of Triple-LNB) en sûnt jannewaris 2014 in HD-ûntfanger.

Fan 1 july 2016 ôf is Omrop Fryslân Telefyzje opnaam yn it Basispakket fan CanalDigital en dêrtroch net mear Free-to-air te ûntfangen. Mear ynformaasje is te finen op: canaldigitaal.nl en op omropfryslan.nl/satellyt.

(Advertinsje)