Fit mei Femke

Rin ek mei!

3...2...1... Start! Rin dy 'Fit mei Femke', in trainingsprogramma fan trettjin wiken hurdrintraining mei podcasts yn it Frysk ynsprutsen troch presintatrise Femke de Walle. De trainingen binne makke troch Omrop Fryslân-buroredakteur én hurdrin-coach Jaring de Groot. De begjinnende hurdrinner wurdt dêrmei holpen om yn koarte tiid 5 kilometer hurdrinne te kinnen.

>> Lees hier alles over Fit mei Femke in het Nederlands.

(advertinsje)

Kompilaasje Simmer yn Fryslân-loop

Mar leafst 153 rinners diene mei oan de Simmer yn Fryslân-loop yn 2015! It wie de ôfsluting fan Fit mei Femke. Dizze side bliuwt gewoan bestean en ek yn de app bliuwt Fit mei Femke te brûken. Dus begjinne kin altyd. Besjoch hjirûnder de kompilaasje fan de loop.

Besjoch hjir de útslach fan de Simmer yn Fryslân-loop!

(advertinsje)