Frou Zuidema troch corona skaat fan har soan mei kanker: 'Hy makket elke dei in vlog'

Se krûpt sawat yn de laptop as har soan Adriaan (47) yn byld ferskynt. Neel Zuidema fan Gytsjerk hat leard hoe't se skype moat sûnt de lockdown. It is de iennige manier om inoar 'te sjen' ek al fielt echt kontakt oars fansels. Adriaan seit fia skype út syn hûs yn Delft wei dat er útsjocht nei inoar moetsje. Wat altyd sa fanselssprekkend like, sille je no aanst ekstra wurdearje, tinkt er.
Frou Zuidema mist har soan
Adriaan Kok hat in harsentumor. Hy is operearre en hat gemo-behannelingen hân. Hy fielt him no goed, sa fertelt er. Mar in skoft lang kaam er hielendal net út 'e hûs. Ek de boadskippen waarden besoarge. Alles om foar te kommen dat er mei syn kwetsbere sûnens corona oprinne soe. Sûnt in pear wiken giet er wol moarns betiid as de sinne opkomt it fjild yn. Dan is der gjin minske. Sûnt dy tiid is er 'poldervlogger'. Alle moarnen krijt mem (en oare famylje en freonen) in flog tastjoerd en kin mem ek sa letterlik sjen hoe't it mei har soan giet.
Adriaan tinkt dat er dat moarns betiid opstean der wol yn hâlde sil. Want it is prachtich om de sinne opkommen te sjen. Mem freget noch oft er gjin ien tsjin kaam is. Ja, ien oare rinner en noch ien dy't foto's makke. " Mar fielst dy goed?", freget mem. "Ja hear", seit er.
Frou Zuidema sjocht alle dagen fol spanning út nei de nijste flog. As er ek mar wat letter is as gewoanwei bellet se him. Yn it sintsje yn de tún besjocht se de nijste vlog en glimket. " Us poldervlogger" seit se en krûpt hast yn it skerm fan de telefoan. " Dit skuort him der troch, En ús ek". Ein augustus hat se har jierdei. Se hopet dat Adriaan der dan by wêze kin. Yn it echt.