Liveblog | 27 april 2020

Coronanijs 27 april: Minder coronapasjinten yn sikehuzen; Keningsdei yn coronatiid

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 27 april 2020, 23:02
moandei 27 april 2020
23:00

Ein fan dit liveblog

Hjirby slute we it liveblog fan 27 april ôf. Noch ien kear it belangrykste coronanijs fan de dei op in rychje:
Tiisdei is der wer in nij liveblog. Oant dan!
22:25

It oranjegefoel yn tiden fan corona

It is allegear oars as oars. Dat is it al skoften, mar mei Keningsdei wurdt it wol echt pynlik dúdlik. Gjin feest yn 'e stêd, mar thús oan de tompoezen, sjoele yn 'e achtertún en in kening dy't op syn 53ste jierdei thús, mei syn trije dochters en frou, foar de trep syn taspraak hâldt. It is even wennen. Oan kenner fan it Keninklik Hûs Bearn Bilker en fuotbaltrainer Foppe de Haan de fraach hoe't it no mei it oranjegefoel sit.
Keningshûskenner Bearn Bilker en fuotbaltrainer Foppe de Haan oer it oranjegefoel
21:29

Waar spulbrekker Fryslân fan Boppen?

It waar liket tiisdei spulbrekker te wurden foar de lêste ôflevering fan de rige Fryslân fan Boppen. Der wurde swiere reinbuien ferwachte en dan kinne de drones net de loft yn. Tiisdeitemoarn om 07.00 oere nimt de organisaasje it beslút oft der al of net flein wurdt. Hâld Omrop Fryslân radio en de berjochtjouwing op de Omrop webside, app en sosjale media yn de gaten!
21:24

Fideodeiboek yn it Antonius sikehûs

Ferpleechkundige Katharina Sterk lit yn har vlog sjen hoe't in nachttsjinst derút sjocht yn it Antonius sikehûs yn Snits. As se op de corona-ôfdieling stiet, hat se njoggen pasjinsten dêr't se foar soargje moat. Mear vlogs fan Katharina Sterk en de oare vloggers fan de rige 'Berjochten út it hert' sjen? Dat kin fia dizze dossierside.
Katharina vlog GOED
20:44

Boargemaster en wethâlders Ljouwert stean efter SC Cambuur

SC Cambuur krijt stipe fan boargemaster Sybrand Buma en de wethâlders fan Ljouwert yn de striid om dochs noch te promovearjen nei de earedifyzje. It gemeentebestjoer seit fol achter de Ljouwerter fuotbalklup te stean.
"Als bestuur van de Gemeente Leeuwarden delen wij het gevoel dat het prachtige seizoen van Cambuur een veel mooier slot had verdiend. Na zo'n prachtig seizoen, met zo'n bijna niet meer te overbruggen voorsprong op de concurrentie. Het is bitter als het seizoen op deze manier moet eindigen. Juist in deze bijzondere tijd, waarin we met een gezamenlijke inspanning moeten proberen het coronavirus te overwinnen, staan we als gemeentebestuur vol achter Cambuur."
Cambuur krige freed te hearren dat it net promovearje soe. Dat wie de útkomst fan in gearkomste fan de KNVB en alle klups yn it betelle fuotbal.
20:00

Sa hat Fryslân Keningsdei fierd

It wie in histoaryske Keningsdei. Fanwegen it coronafirus wie de dei omdoopt ta Wenningsdei. Rûnom yn Fryslân waard besocht dêr op paste wize foarm oan te jaan. Yn Harns begûn dat betiid mei in tradisjonele aubade op it stedhûs. De ynwenners fan Eksmoarre krigen tompoezen fan de pleatslike Oranjeferiening en it lokale kafee fan Lúnbert kaam mei in Keningsdeispultsjes drive-through.
Keningsdei yn Fryslân