Artysten bringe muzykmaraton mei nûmers út de Top2000

Fjirtich solisten, bands, koaren en in bigband bringe dizze sneon elk fjouwer ferskes út de Top 2000 yn Theater De Bres yn Ljouwert.
Artysten bringe muzykmaraton mei nûmers út de Top2000
"Der steane mei elkoar 34 acts op it poadium", fertelt Marieke Kooistra fan de organisaasje. Se ha de dielnimmende artysten de list fan de Top 2000 fan foarich jier jûn en frege dêr fjouwer nûmers fan út te sykjen. "Se fertolkje dy nûmers op eigen wize, dat kin yn it Frysk of Liwwadders. Se kinne der ek in diskoferzje fan meitsje, dat mei allegear, it makket net út."
De maratonfoarstelling begûn om 10.00 oere en duorret oant 23.30 oere.
Ferslachjouwer Jeroen Boersma wie yn De Bres
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma