Radiomakkers prate op de radio oer de radio: "De radio stiet ûnder druk"

De radio stiet ûnder druk. Dat seit radiokoördinator Jan Durk de Haan fan Omrop Fryslân hûndert jier nei de earste útstjoering fan it earste radioprogramma.
Yn in spesjale útstjoering fan it radioprogramma Buro de Vries prate radiomakkers en saakkundigen oer de takomst fan de radio.
De radio stiet ûnder druk
Dat de radio ûnder druk stiet, blykt neffens De Haan út de sifers. "Yn 2013 harken we as Nederlanners noch 2 oeren en 16 minuten deis nei de radio, yn 2015 wie dat 2 oeren en 8 minuten, en yn 2018 noch mar 1 oere en 53 minuten."

"Gizele troch it medium"

De sifers fan De Haan geane oer live-radio, net oer podcasts. Dy wurde hieltyd populêrder. It is ek in radiofoarm, mar neffens radiofanaat en audiotechnikus Karel Post is dêr in probleem mei.
"Jo moatte der foar sitten gean, krekt as foar telefyzje. Radio is it iennige medium dat jo oan ha kinne as jo bygelyks in auto reparearje. By de radio wurde jo net gizele troch it medium."
Op 6 novimber 2019 is it eksakt 100 jier lyn dat Hanso Idzerda fan Weidum de alderearste Nederlânske radio-útstjoering makke. Dêrom stiet Omrop Fryslân wiidweidich stil by 100 jier radio, ûnder oare mei in spesjale útstjoering fan Buro de Vries, en in Fryslân DOK oer Idzerda.