Provinsje skerpet de regels foar wurk flink oan

Oannimmers dy't wurk foar de provinsje dogge, moatte aanst oan strangere regels foldwaan. Oanlieding binne de problemen mei de oanlis fan de Sintrale As. Dêrby konkludearre de Arbeidsynspeksje ûnder oare dat guon wurknimmers temin betelle krigen. Deputearre Steaten komme no mei in foarstel dêr't Provinsjale Steaten ynkoarten oer beslute kinne.
CAO neilibje
In haadoannimmer moat bygelyks helderheid jaan oer alle ûnderoannimmers dy't ynhierd wurde, dy ûnderoannimmers moatte sertifisearre wêze en de CAO neilibje. Net allinnich de Arbeidsynspeksje, mar ek de provinsje moat tagong krije ta de administraasje fan it wurk.
Rjochtsaak
Undertusken binne de problemen mei de Sintrale As noch net foarby. Haadoannimmer Nije Daam is der net yn slagge in eigen ûndersyk nei wat der mis gong is op tiid ôf te krijen. Sy ha no oant july de tiid krigen om dat te regeljen. Slagget dat net, dan skeakelet de provinsje de rjochter yn.