Sân minsken oanhâlden foar drugshannel

Drugs © Omrop Fryslân
De plysje hat yn Donkerbroek en Wynjewâld sân minsken oanhâlden yn ferbân mei drugshannel. In 47-jierrige man út Wynjewâld en in 53-jierrige man sûnder fêst wenplak wurde sjoen as de haadfertochten. Sy waarden oanhâlden by in wenning oan de Hooge Esch yn Easterwâlde. Yn dy wenning binne trije manlju fan 41, 50 en 62 jier oanhâlden om't sy drugs kocht hiene fan de haadfertochten.
Dêrneist hat de plysje yn Donkerbroek in 41-jierrige man út Easterwâlde en in 45-jierrige man út Makkingea oanhâlden om't se drugs kocht hiene. Yn totaal fûn de plysje 15 boltsjes mei kokaïne en heroïne. It jild en de auto fan de haadfertochten binne yn beslach naam. De beide haadfertochten sitte noch fêst, de fiif keapers binne frijlitten.