Plysje reanimearret fytster yn Ljouwert

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De plysje hat tongersdeitemiddei in fytster reanimearre op it Suderplein yn Ljouwert. De frou foel mei har fyts en in plysjeman seach dat. Hy woe de frou helpe, mar bemerke dat se ferwûne wie oan har holle en gjin hertslach mear hie. Doe is er begûn mei de reanimaasje. De hertslach kaam werom en de frou is oerbrocht nei sikehûs MCL yn Ljouwert. It is op dit stuit net bekend hoe't it mei de frou giet.