F-16's ûnderskeppe Russen boppe Baltyske Steaten

F-16's © Twitter Vliegbasis Volkel
Nederlânske F-16's hawwe boppe Estlân, Letlân en Litouwen twa Russyske fleantugen ûnderskept en it loftrom út begelaat. De Antonov-26 'Curl' en de Sukoi-24 'Fencer' waarden identifisearre wêrnei't se harren rûte ferfolgje mochten. Dat hat it ministearje fan Definsje tongersdei bekend makke.
De Nederlânske F-16's, wêrûnder ek F-16's fan de Ljouwerter fleanbasis, bewake sûnt dizze moanne it loftrom fan de Baltyske steaten. Se hearre by NAVO-ienheden dy't Litouwen en Poalen gerêststelle, mei it each op in Russyske driging.