Frysk grûnwetter is oer it generaal skjin

Kraanwetter © Omrop Fryslân, Karen Bies
Fryslân hat oer it generaal skjin grûnwetter en it wetter is fan goeie kwaliteit. Dat docht bliken út ûndersyk dat alle provinsjes dien litten ha.
It grûnwetter kin wol maklik fersmoarge reitsje, bygelyks troch bestridingsmiddels en medisinen. Mar it hat gjin konsekwinsjes foar de kwaliteit fan it drinkwetter. De plakken dêr't fersmoarging fûn is, wurde goed yn de gaten hâlden.