FIDEO: Britske Royal Navy spilet rugbywedstriid yn Ljouwert

Skotsk en Ingelsk marinepersoniel hat sneon in betinkingswedstriid rugby spile by rugbyklup Greate Pier yn Ljouwert. It is eksakt hûndert jier lyn dat yn de Fryske haadstêd de earste rugby-ynterlân ea op Nederlânske boaiem spile waard. It gie om minsken fan de Royal Navy dy't yn Grins ynternearre wiene fanwege de Earste Wrâldoarloch. Mei de wedstriid waard de basis lein foar it rugbyen yn Nederlân.
Skotlân wûn mei 22-8 fan de Ingelsken. De útslach telt mei foar de bekerkompetysje.
Noch nea earder waard in offisjele bekerwedstriid fan de Royal Navy bûten Grut-Brittannië spile.