H'fean drok mei fleanfeest

Van Maasdijk mei syn Frânske technikus Baudot
Der wurdt op It Hearrenfean drok wurke oan de tariedings fan de saneamde Van Maasdijkfeesten. Mei Van Maasdijk wurdt Clement van Maasdijk bedoeld. Op de kop ôf hûndert jier lyn wie hy de alderearste persoan mei in fleanbrevet dy't mei in fleantúchje boppe Nederlân fleach. En dat barde doe allegearre op It Hearrenfean.
Foar in tal minsken genôch oanlieding om dêr dizze simmer rom omtinken oan te jaan. It moat in grut fleanfeest wurde mei tal fan aktiviteiten