Frysk beprate mei Marktplaats

Frysktalige advertinsjes wurde furothelle
De populêre website marktplaats.nl diskriminearret. Dat fine de Ried fan de Fryske Beweging en diskriminaasje-buro Tûmba. De site foar hannel yn guod stiet net ta dat advertinsjes pleatst wurde yn it Frysk. Dêr kaam in Westergeaster achter doe't syn Frysktalige advertinsje kear op kear fuorthelle waard troch Marktplaats.
De Fryske beweging en Tûmba wolle mei de site om 'e tafel. Komme se der net út, dan nimme de partijen mooglik juridyske stappen.