CDA's Súdwesthoeke byelkoar

Snits, Nijefurd, Wymbritseradiel, Wûnseradiel en Boalsert wurde ien gemeente
De CDA-ôfdielings yn de gemeenten fan de Súdwesthoeke ha in oergongsbestjoer oprjochte, yn ferbân mei de weryndieling dêr. Dat bestjoer moat de nije CDA-ôfdieling Súdwest-Fryslân hielendal opsette. De partij wol him sa klearmeitsje foar de weryndieling.
De ferskate ôfdielingen wolle in koers útsette dêr't se meielkoar achter stean kinne. Foarsitter fan it oergongsbestjoer is Maarten Offinga fan it CDA yn Nijefurd.