Man botst tsjin lantearnepeal

Frontaal tsjin in lantearnepeal (foto Robertjan Boonstra)
In 61-jierrige man út Ljouwert is tongersdei op de Spanjaardsleane ferwûne rekke by in ûngelok. De man hie nei alle gedachten te folle dronken en wie tsjin in lantearnepeal botst. Hy kaam klem te sitten, de brânwacht moast him derút helje. Hy is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.
Syn bloed is ûndersocht. Yn ôfwachting fan de útslach dêrfan, is it rydbewiis fan de man yn beslach naam.