Brân by Jouster bedriuw

In soad reek by brân by Jouster bedriuw (foto: Hielke Weening)
By metaalsnijbedriuw Snijtech op 'e Jouwer hat woansdeitenacht brân west. It fjoer ûnstie yn in ôfsûchynstallaasje en soarge foar in soad reek. Meiwurkers hawwe besocht de brân út te meitsjen, mar dat slagge net. Doe hawwe se de brânwacht belle. Dy hat it fjoer útmakke.
Hoe grut de skea krekt is, wurdt ûndersocht. By de brân binne gjin minsken ferwûne rekke.