Jonge sit oan froulju: oppakt
In 19-jierrige jonge út Ljouwert is sneintemoarn yn syn wenplak oanhâlden, omdat er yn in kroech oan froulju sitten hie. De jonge wie it kafee oan it Ruterskertier dêrom al útset.
Doe't de plysje him oppakte, fûnen se ek noch fjoerwurk by him. Se ha de jonge meinaam en fêstset op it buro.