Rie ferliest bibliobus

De gemeente Frjentsjerteradiel siket nei alternativen foar de bibliobus yn de lytse doarpen. Dat sei boargemaster Haveman tongersdei yn Rie. De boekebus kwaam dêr foar it lêst ûnder tasjend each fan hûnderten minsken.
De gemeente hat de subsydzjekraan foar de boekebussen tichtdraaid. Sûnder it jild kin de foarsjenning net út. De aksjefierders kamen ek út Achlum, Doanjum en oare doarpen dêr't de bus oant no ta ek kaam.