Feeste fan rinte UPC

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân sil de rinte fan de ynkomsten fan UPC foar in jierliks kultureel evenemint brûke. It giet om in bedrach fan 45.000 euro. Dêr wurde in muzykevenemint en festiviteiten foar organisearre.
Alles sil fergees tagonklik wêze. De riedsfraksjes binne it deroer iens dat de boargers profitearje moatte fan it jild. De minsken hat ek de hege kabeltillevyzjebydrage betelle.