Wenningboukorporaasjes fusearje

© Omrop Fryslân
De fúzje fan fjouwer wenningboukorporaasjes yn Fryslân kin fan 't hjerst noch trochgean. De belutsen gemeenten ha dêr tastimming foar jûn. It giet om de korporaasjes Optimaal yn Frjentsjerteradiel, Haskerland yn Skarsterlân, Patrimonium yn Snits en Arqin op it Hearrenfean.
Sy wurkje al sûnt 2002 gear. De âlde nammen fan de wenningboukorporaasjes bliuwe. De nije fúzje-organisaasje krijt de namme Accolade.