Mear húskes foar boatsjefarders

© Omrop Fryslân
Rekreaasjeskip de Marrekrite wol noch twa spesjale húskes oanlizze foar wettersporters. Op de Langhoekspôle tusken de Hegemermar en de Fluessen hat no as proef ien seizoen in wc mei sinne-enerzjy stien. It húske is ien kear fernield, mar dêrnei wiene der gjin grutte problemen mear.
De nije húskes komme op de Margjepôle yn de Tsjûkemar en Rengerspôle yn de Âlde Feanen. Dêr komme in soad boaten sûnder wc oan board.